Wij maken gebruik van cookies om de diensten en functies op onze website aan te kunnen bieden en om de gebruikerservaring te kunnen verbeteren. Begrepen Privacy Statement

Meer over...

Prijs: € 15.50 inclusief btw
Verzendkosten: € 1.99 binnen Nederland
Levertijd: 3 werkdag(en)
Bestellen...

It sicht is withoefier en't eachweid grut

door Eize de Boer, Frans Andringa, Jannes Faber [Poëzie]

It sicht is withoefier en 't eachweid grut. Fyftich fersen oer Fryske doarpen. Tekst: Eize de Boer. Foto's Frans en Winfryd Andringa, Jannes Faber, Eilert Lubbers.

Mei droege humor en skerpe typearring set Eize de Boer al jierren doarpen en étbuorrens yn fersen del. Hy is meiïnoar sa'n tachtich bylâns reizge en dy hawwe sûnt 1992 allegear yn it Friesch Dagblad stien. Him is faak frege, oft dizze fersen ek bondele wiene, mar dat wie oant no ta net it gefal. Mei dizze étjefte foarsjocht Gopher yn dat ferlet. Yn It sicht is withoefier en 't eachweid grut binne de fyftich bêste fersen fan dizze feardige dichter bondele. Fansels binne ek de sfearfolle foto's fan ûnder oaren Frans Andringa en Jannes Faber ôfprinte.

Hieslum

De tiidgeast wist de boel noch wat te stjoeren:

De reden binne no fan glêd beton,

Op plakken rommen klompen 't fjild foar skuon,

Net alle pleatsen binne mear fan boeren.

Mar blykber giet it om 'e lêste oeren:

It rint hjir dea en 't spoar hat gjin stasjon,

As lei 't ûntfolkingsspoek mei in kanon

Yn dizze stilte op in proai te loeren.

Mar 't hat in tsjerke dêr't noch preke wurdt,

Dit stipke op 'e griene greidetekken,

Dat hjoed as kearn net folle mear betsjut.

En romteminsken komme oan har trekken.

It sicht is withoefier en 't eachweid grut

Yn 't gea tusken de Trekfeart en de Brekken.

ISBN: 9789076249292
 
Formaat: 225 x 150 millimeter (b x h)
Omvang: 103 pagina's
Verschenen: 6 september 1999


Bestellen...

Wat vonden anderen ervan?

Jan Jongsma (Fleanende Krie)
De yn Hundegaryp wenjende freelance ferslachjouwer Eize de Boer skriuwt regelmjittich fersen. Yn 'It sicht is withoefier en 't eachweid grut' steane fyftich doarpsfersen mei dÛrnjonken in karakteristike foto. Dy kombinaasje fan foto en fers makket de ·tjefte krekt nijsgjirrich. Sawol fotograaf as dichter jouwe in moaie ympresje fan it doarp. Eize de Boer ferwurket yn de fersen syn eigen yndrukken fan it doarp(ke). Ek ferarbeidet er soms histoaryske saken en gauris sit der ek noch humor yn. De kombinaasje fan fers en foto jout in d·dlike mearwearde oan it boekwurkje. De faak ferrassende foto's binne foar fierwei it grutste part fan Frans Andringa. YnhÔldlik is it boekje in weardefolle ·tjefte. It soe eins in fÛst plakje yn de auto hawwe moatte: komt men yn ien fan de yn wurd en byld fÛstleine doarpkes, dan efkes de auto oan 'e kant en earst it betreffende fers lÛze. As it kin op it plak dÛr 't de foto makke is.