CategorieŽn

Winkelwagen

Snel zoeken

U kunt zoeken op titel, ISBN, naam van de auteur of een combinatie hiervan





Login

Meer over...

It sicht is withoefier en't eachweid grut

door Eize de Boer, Frans Andringa, Jannes Faber [PoŽzie]

It sicht is withoefier en 't eachweid grut. Fyftich fersen oer Fryske doarpen. Tekst: Eize de Boer. Foto's Frans en Winfryd Andringa, Jannes Faber, Eilert Lubbers.

Mei droege humor en skerpe typearring set Eize de Boer al jierren doarpen en ťtbuorrens yn fersen del. Hy is meiÔnoar sa'n tachtich byl‚ns reizge en dy hawwe sŻnt 1992 allegear yn it Friesch Dagblad stien. Him is faak frege, oft dizze fersen ek bondele wiene, mar dat wie oant no ta net it gefal. Mei dizze ťtjefte foarsjocht Gopher yn dat ferlet. Yn It sicht is withoefier en 't eachweid grut binne de fyftich bÍste fersen fan dizze feardige dichter bondele. Fansels binne ek de sfearfolle foto's fan Żnder oaren Frans Andringa en Jannes Faber Űfprinte.

Hieslum

De tiidgeast wist de boel noch wat te stjoeren:

De reden binne no fan glÍd beton,

Op plakken rommen klompen 't fjild foar skuon,

Net alle pleatsen binne mear fan boeren.

Mar blykber giet it om 'e lÍste oeren:

It rint hjir dea en 't spoar hat gjin stasjon,

As lei 't Żntfolkingsspoek mei in kanon

Yn dizze stilte op in proai te loeren.

Mar 't hat in tsjerke dÍr't noch preke wurdt,

Dit stipke op 'e griene greidetekken,

Dat hjoed as kearn net folle mear betsjut.

En romteminsken komme oan har trekken.

It sicht is withoefier en 't eachweid grut

Yn 't gea tusken de Trekfeart en de Brekken.

Prijs: Ä 15.50 inclusief btw
Verzendkosten: € 2.76 binnen Nederland
Levertijd: 5 werkdag(en)
 
ISBN: 9789076249292
 
Formaat: 225 x 150 millimeter (b x h)
Omvang: 103 pagina's
Verschenen: 6 september 1999


Bestellen...

Wat vonden anderen ervan?

Jan Jongsma (Fleanende Krie)
De yn Hundegaryp wenjende freelance ferslachjouwer Eize de Boer skriuwt regelmjittich fersen. Yn 'It sicht is withoefier en 't eachweid grut' steane fyftich doarpsfersen mei dŘrnjonken in karakteristike foto. Dy kombinaasje fan foto en fers makket de ∑tjefte krekt nijsgjirrich. Sawol fotograaf as dichter jouwe in moaie ympresje fan it doarp. Eize de Boer ferwurket yn de fersen syn eigen yndrukken fan it doarp(ke). Ek ferarbeidet er soms histoaryske saken en gauris sit der ek noch humor yn. De kombinaasje fan fers en foto jout in d∑dlike mearwearde oan it boekwurkje. De faak ferrassende foto's binne foar fierwei it grutste part fan Frans Andringa. Ynh‘ldlik is it boekje in weardefolle ∑tjefte. It soe eins in fŘst plakje yn de auto hawwe moatte: komt men yn ien fan de yn wurd en byld fŘstleine doarpkes, dan efkes de auto oan 'e kant en earst it betreffende fers lŘze. As it kin op it plak dŘr 't de foto makke is.

Het Euro Evangelie - deel II

door Jort Kelder, Arno Wellens [* NIEUW *, Maatschappij en politiek]

Dit pamflet is gepresenteerd tijdens een debatavond over ons economisch stelsel op donderdag 30 maart 2017, georganiseerd door Follow the Money. Sprekers waren o.a. auteurs Arno Wellens en Jort... meer...

Laat je pensioen niet aan een ander over

door Martin Koekkoek [Educatie, Maatschappij en politiek]

Erik van Houwelingen, bestuurslid bedrijfstakpensioenfonds ABP en partner pensioenadviesbureau Montae over deze uitgave: 'Martin levert met zijn boek een goede bijdrage om pensioen te verwoorden in... meer...

Fatale economie... en de weg eruit

door Foppe van Dijk [Maatschappij en politiek, Wetenschap]

Het boek van Foppe van Dijk is nog steeds - bijna beangstigend - actueel. De talloze negatieve effecten van ongebreidelde en eenzijdige economische groei vragen om een andere aanpak. Wereldwijd moet... meer...